Nijs

GueB op list Simke Kloostermanpriis 2019

Geheimen út `e Boskberch pronket njonken 40 (!) oarsponklike Fryske berne- en jongereinboeken op de list foar de Simke Kloostermanpriis.
Sytske Eringa, Gerbrich van der Meer en Geart Tigchelaar binne oansteld as sjueryleden, in betûfte sjuery dy’t goed yn de berneliteratuer thús is. Ein 2018 is al úteinset mei it lêzen fan alle boeken om de ûnfoege put op ’e tiid de baas te wêzen. Op 17 maaie 2019 wurdt de priis útrikt yn de tsjerke fan Twizel.

Njonken Geheimen út `e Boskberch binne ek Rôversguod en Stikel fan Janneke de Boer, earder útjûn by Utjouwerij Louise, yn de list opnommen. De list fynst op de side fan it Skriuwersboun.

Fryslân Markant 2018-4 (Uitgeverij Penn) neamd yn de nijste edysje, njonken oare nije útjeftes, Geheimen út 'e Boskberch: De yllustraasjes út Geheimen út 'e Boskberch binne skitterjend en hiel kreatyf.

‘Geheimen út ‘e Boskberch’ is ornearre foar bern fanôf seis jier en dy kinne har yn dit kleurige boek hielendal ferlieze.‘
Fia Issuu lêst it hiele blêd, of sjoch op harren website foar de (fergese) ferkeappunten.

Resinsje Friesch Dagblad - Elizabeth Hietkamp
“De wille en de nifelnocht spat fan de foarmjouwing ôf en de bylden kreëarje werklik in wrâld foar bern om by wei te dreamen.”

(de resinsje fynst op dizze site ûnder 'foto's')

Berneboekedei Terherne - De Boekebei is oanwêzich, it program fynst hjirre

De Moanne - Tredde berneboek foar 'bezige bij'

Op 'e Skille - In nij berneboekje mei in boadskip​
 

LC - Een Fries jeugdboek om de bijen te redden

Resinsje Tante Tjits, lês 'm fia dizze link

Sneon 22 septimber wie Utjouwerij De Boekebei oanwêzich by it sympoasium 'Keer het tij voor de bij', in ynisjatyf fan ûnder oare Silence of the Bees (LF2018), De Kruidhof en Landschapsbeheer Friesland.

This site was designed with the
.com
website builder. Create your website today.
Start Now